Salang't wy gedichten skriuwe

Levi, Max, Moos en Sam
dichters yn oarlochstiid
ûnderdûkt yn Fryslân
foar harren feilichheid.

Besykje troch harren tinzen
te fangen op papier
it oarlochsleed te fersêftsjen
want hja leauwe alle fjouwer.

Salang't wy gedichten skriuwe
kin ús neat oerkomme
as wy mar mei-inoar bliuwe
achter sluten doarren.

Yn 'e lytse skûlkelder
toane de stoffige ruten
de fjouwer freonen dúdlik
wat der him bûten ôfspilet.

In keppel soldaten
dy't mei blinkende gewearen
troch de lange strjitten
fan Fryslân marsjearret.

Mar salang't hja gedichten skriuwe
kin harren neat oerkomme
as hja mar mei-inoar bliuwe
achter sluten doarren.

Foar harren kaam de frede te let
om't hja ûndutsen waarden
troch in soldaat dy't deroan tocht
fan harren poëzy inkeld fjouwer sinnen útlekt.

Salang't wy gedichten skriuwe
kin ús neat oerkomme
as wy mar mei-inoar bliuwe
achter sluten doarren.

Doodlebug syn teddybear

Hjir is Doodlebug
krekt oardel jier âld
libbet hy allinnich
op ús grutte wrâld

Want Doodlebug
hat as lyts bern
op in moarn
syn âlden ferlern

Dêrom nimt Doodlebug
út Australië wei
oeral wêr't hy komt
syn teddybear mei

Net mar in freon yn'e nacht,
want hy betsjut gâns mear.
Sa leaf en hearlik sêft,

syn lytse teddybear.

 

Flechtelingen

In lyts famke fan fjouwer
hja flechte mei har âlden
út in lân fier hjirwei
om’t it dêr oarloch is

Yn in gammele boat
sûnder besittings of drinken
inkeld mei wat bôle
krekt genôch foar trije persoanen

Fart hja dei en nacht
in lange gefaarlike reis
nei it lân dêr’t frede wachtet
mei in soad oare flechtlingen

Memmen sjonge in psalm
om gûlende poppen stil te krijen
heiten hâlde as lêste strie
harren fêst oan de bea

Spitigernôch sloech nei dagen
it needlot genedeleas ta
om’t de boat omslein is
sadat alle flechtlingen

Wêrûnder it famke mei bûnte klean oan
ferdronk yn it kâlde wetter
wylst yn ‘e ûnbidige oseaan
yn ‘e fierte de folgjende boat wachtet.

 

Heit syn jas

Ik wenje yn in jas
Dy’t makke is fan lear
In jas fan neat foar dy
Foar my safolle mear


Want dizze learen jas
Fan in goeie kwaliteit
In sterk en stevich model
Dat is de jas fan ús heit

In moai eksimplaar
Dy’t ús mem him joech
Op syn fyftichste jierdei
Dy’t hy sa graach droech

Eltse moarn opnij
Wannear’t er gie
Nei syn wurk ta
Doe’t er noch by ús wie

Yn ‘e djippe bûse
Fan heit syn learen jas
Dêryn fûn ik wat jild
De doarskaai en syn id-pas

Mar leave heit kom werom
Nei mem, myn sus en my
Want yn dyn learen jas
Mei lytse dingen mis ik dy.

Maak jouw eigen website met JouwWeb